Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Allinnich

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat is in heale ieu
oars as in suchtsje oer it wetter,
dêr’t er read te gloeien leit
mei ûnder blei en boppe miuw,
dy bleauwen, mar foar har waard ’t letter.

Image

Achter ’t rút, dat wie har plak
doe’t alles rekke yn de dize
en gjin takomst foar har lei;
de arke wie har ûnderdak,
it reade yn it einleas grize.

Foar rûn hy en wiisde ’t paad
nei wat hy wist, mar noch net witte
woe, omdat men soks net seit;
doe kaam de dei mei ’t lêste praat
en liet se him allinnich sitte.

Op ‘e knibbels foar syn skat,
sa wol er har graach wer berikke,
mar de dea bliuwt wol in feit;
de mêst is lang en leit noch plat,
it seil sil hy der net oan klikke.

Image

admin

Ynfrastruktuer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hat syn wein yn ’t fjild parkeard,
mar sels ferneart er rêst noch duer
yn ’t gea dêr’t hy op knibbels leit
omdat de stêd oer greiden beart:
fan sleat en gers nei ynfrastruktuer.

It is de wet fan hurde stien
oer ’t grien fungearjend as plamuer
om’t dy no ienkear better leit,
want ûnferhurd is rap fergien,
dus wreidzje út de ynfrastruktuer.

It platte komt noch wol oan bod
as ’t lân krijt fan de stêd in kuer,
wat seit dan noch in skiep of geit,
de nije skepping komt fan god:
de wegen fan de ynfrastruktuer.

De stêd krûpt stadich oer it gea,
in systerjende slang, ûnhuer
omdat er ’t fjild it near op leit;
hy knypt de boeren bliedend dea
út namme fan de ynfrastruktuer.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum