Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lykbylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik swalke frij oer Fryslâns paden,
fluitsjend as in wylp allyk,
ferromme troch de fiere kimen
rûn ik oer de Grienedyk,
it âlde paad fan ljocht en skaden.

Image

Ynienen… ljocht en skaad op skimen,
‘k seach se suver tagelyk.

Image

It flitste nuver troch myn holle:
beide leine nêst de dyk
en hiene yn de deastriid hime,
ein en swalker, krekt gelyk,
wat duo soe sa lizze wolle?

It koe net oars, om koart te kriemen
bûgde ik my oer it lyk
dat swiere kriminelen wuolle
hiene yn in sek, te kyk
lein… soe men sokken net fergrieme?

Ynienen ljochten doe de kimen:
wenningbou tichtby de dyk.

Image

admin

Swart ferskaat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Grienedykberm wie fersketten
fan de lange sinnebrân,
de maitiidsfleur hold sa gjin stân,
it jier ferlei syn swetten.

It lizzen hie de hin fergetten,
socht de berm ôf nei in plak
dêr’t swartsjes krigen har gerak,
mar har seizoen wie sletten.

De greiden wiene grien fan wille
fan de buien oer it lân
en doe de tiid fan sinnebrân:
’t seizoen koe ’t libben tille.

It wie gjin tiid mear om te drillen,
want de dochters wiene grut,
al swart en kreas fan kop oant sturt,
dat mem hie simmerwille.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum