Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ree foar…

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is safier, wy binne ree
foar ’t stek dat ús beskermt,
de Aldi-fuorbak of it foer fan Heijn,
wy bliuwe ’t leafst op ’t âlde stee,
it is de soarch dy’t him oer ús ûntfermt.

Image

Se binne ’t wend, it is net oars:
as reeën stedsk beheind
troch stek en bak en har misfoarme brein,
mar alle woansdeis is der soas,
mei moai waar bûten, ûnderdak as ’t reint.

Foar har is ’t oars, gjin grins te fier,
in sprong oer stek en sleat,
dêr is it lêste lang noch net mei sein,
want yn de simmer fan dit jier
lei foar de reeën ree de brune feart.

Image

admin

Rampsenario’s

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De wei nei ’t Snitser striidtoaniel
rint al fan âlds troch Offenwier,
foar ’t doarp in rampsenario;
it eigen folk seach, stjerrend wier,
de dea foar eagen, faak ek grien en giel.

Image

Syts wie noch jong, doe klonk ’t protest
al tsjin it iepen racesirkwy,
foar boer en ko in risiko;
in plan rûn rap fan dy nei dy,
no racet se sels, it rôljen slagget bêst.

Sneon wie de wei it feesttoaniel,
want iepen moast dochs it trottoir;
de auto’s holden efkes ho,
mar sjoch, de fyts wie no ’t gefaar
foar Syts, ’t senario opnij har diel.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum