Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Baggerje en keare

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It bart sa troch de jierren hinne
dat de djipgong minder wurdt,
’t is farren op it flak
fan bagger, brot en bongelguod,
wa’t leech bliuwt, sil wol driuwe kinne.

Se ha elkoar op ’t krúspunt metten,
’t bagger- en it boadskipskip,
se wurkje op it flak
fan bagger, sûnde, wol ferhip,
wa’t lost, kin dy de flagge sette?

It boadskipskip is keard foar ’t laden
fan it baggerfolk, it fart
no yn it skjinne rak,
mar as de brot de foarkar hat,
dan falle oer it wiet de skaden.

Image

admin

Wêr’t it om draait

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is mar wêr’t it yn ’t bestean om giet
en hoe’t it yn de rûnte draait,
de iene hâldt fan wiet, de oar fan swiet,
wa’t libbet stiet, wat dea is leit.

Image

De rook kaam har temjitte yn de flecht,
de lâning, klim en doe in dûk,
wat joech it dat it wie net libbensecht,
as massa sûgje makke ’t smûk.

De bealch wie rûn, doe soe it steil werom,
in wjukslach, klim en doe in klap,
it joech massaal panyk, gjin wurd oer stom,
yn ’t swiet fersûpe is gjin grap.

Image

It is mar wêr’t it yn ’t bestean om draait,
is ’t libbensnocht, dan hâldt men ’t fol,
al is it dravend yn in plastic bol.
Fersûpe? Sels net as men leit.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum