Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Under ’t skerm

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy stekt syn klauwen út,
mar kin net heger komme
as de skermen boppe stâlen,
rikke jout de bear gjin sprút
en yn de winter wurdt er romme.

Sa is it wrâldsk ferrin,
woe ha ús âlde beppe,
woartele yn ’t fêste leauwe,
fleane hat foar fûgels sin,
de minske mei allinnich ljeppe.

Sjoch hoe’t de tiid ferglydt
nei hegerop en bromme
ûnder ’t skerm yn fêst fertrouwen
dat de karre fierder rydt
om Hear en hauk benei te kommen.

Image

admin

Driuwkrêft

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De bou wie hast in ieu al lyn,
fan stielen platen ta in rûne foarm
om spanten foar in sterk hâldfêst,
mei ’t seil ôfhinklik fan de wyn,
in koeltsje of in heale stoarm,
de boerepream foer op syn bêst.

Doe kaam de tiid fan tsien pk
en lei it stiel dea foar de wâl,
it gie wer op nij libben ta
mei hout en glês, in minskestâl.

Image

Mar op ‘e nij lei ’t libben stil,
dochs nostalgy nei ’t âlde plak
joech oan de pream in eigen wil,
hy dreau en kriich sa syn gerak.

Der wie wol driuw, mar ’t gie net rap,
want gjin pk of seil joech ’t arkje gong
en rustich stiel hold ek noch tsjin;
troch eigen wil, it is gjin grap,
dreau ’t nei de helling om wer jong
te wurden, want wa’t wol dy kin.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum