Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Febe

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De fleugel wint it yn de hichte
fan de flaggen mei reklame,
mar de langte moat it dwaan,
want elke tiid jout plichten.

It is gjin tiid fan ja en amen,
ek net fan de rûne foarmen
fan de frou yn earder dwaan,
hjoed jilde oare noarmen.

De kop is breed as fan in bolle
dy’t mei krêft de tiid troch rame
kin om rendemint te jaan,
genôch mar nea tefolle.

En nei in hiele langte wramen
komt de kont mei ’t nasjonale
flaggedoek om acht te slaan:
gjin kleur yn jildferhalen.

Image

admin

Resesje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De moarntiid docht it sûnder lûd,
mar ropt wol âlde bylden op
lykas de foto’s mei twa tinten:
in laden skip fan kop
oant kont yn sinnegloed.

It beaken stiet foar hjir begjint
de rûte nei it deistich brea
en sneins in bôle mei tsien krinten;
in bealgjen oant de dea
it fan it libben wint.

En no’t de sinne heger riist,
de himel liket sûnder wolk,
fertelt de float oer amper rinte
foar hjerst- en winterfolk,
wat op resesje wiist.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum