Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sûzjende spear

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Hy sit wer op ‘e troan
mei mar ien each de romte yn,
it oare sjocht de geast noch oan,
de kweade makket blyn.

Al yn de iere moarn
gie Saul as razende tekear,
elk hie it foar dy geast bedoarn,
mar David kriich de ear.

Image

De snaren sjonge sêft,
mar foar de kening docht it sear,
wer spilet op de kweade krêft,
de spear stiet foar him klear.

It wapen sûzet fuort,
krekt by it snaresjongen lâns,
it heart lykas wurdt hy bespot,
as wraak in twadde kâns.

Mar kenings geast mist wer
en wurdt foar ’t snaresjongen bang,
dat Davids geast moat fuort, in stjer
as militêre rang.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Saul en David’

admin

Stekkend liet

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Nicola Vaccaro*

Image
detail

De reuzeslach wie slein
troch David foar syn foarst,
dy’t optein oan de ein
joech him de stok foar ’t boarst.

De froulju kamen rap
fan ’t lân en út ‘e stêd,
se dûnsen op ‘e klap
fan trommen, fluch fan trêd.

Se songen ek in liet
fan tûzen foar de foarst,
mar David stiek yndied
tsientûzen yn it boarst.

It liet stiek Saul yn ’t hert,
in slach djip yn syn geast,
troch tûzenen beset,
want David hie it meast.

* Nicola Vaccaro (1634-1709)
Skilderij ‘David wurdt ynhelle troch de fammen’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum