Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Monuminten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Us mem hat boatsjes teard,
it iene nei it oare,
safolle as ik hawwe woe,
mar ik ha soks noait leard.

It lei net oan har tear,
it siet net yn myn genen
dat ik papier bewurkje koe,
’t mislearre kear op kear.

Image

It waard in monumint,
dat boatsje yn sân tearen,
in oantins oan de memmehân,
it hie net better kind.

Us heit hat skûtsjesyld,
it roer yn skippershannen,
in foarbyld foar syn âldste soan,
mar ik ha dat noait field.

It lei net oan syn roer,
it siet net yn myn genen,
it stjoeren stie my minder oan
as dat ik inkeld foer.

Image

Ik seach ’t as monumint,
it skûtsje op ‘e sokkel,
it teken fan de heitebân,
’t hie amper better kind.

admin

Oanfalsfront

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Wie rûzich waar,
de Iselmar stie hol
en ’t weage tsjin de dyk,
it gie fan baar nei baar,
allinnich foar de lol,
in soloshow allyk.

Doe weage oer de mar de rauwe rop:
‘Omheech, wy swarten, foar de striid, kom op!’

Der klonk in klap,
doe folgen folle mear
en ’t waard in grauwe wolk,
de flecht foar dûk en hap,
der mei elkoar oer gear
as ’t swarte ielgoesfolk.

De poel oer klonk de gjalp fan ’t oanfalssein:
‘No del, wy swarten, stride oant de ein!’

Image

It waard in front
en liny tagelyk
en ’t weage op en del,
fan fûle kop oant kont
wie elk de iel te ryk,
doe klonk de lêste yell:

Image

‘Swart is ús kop
en skerp ús brein,
foar guozzen top,
foar iel de ein!’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum