Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sjitwike

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Fier boppe alle dakken út
besylde Snits mei giel en swart
de wolkeboeien fan it feest:
it reinde pils, it broeide nei in tút,
sa wie de nacht te koart
foar ’t striden yn de race.

Image

’t Marineskip lei oan de kaai
noch foar’t it frijgefjocht begûn,
’t gie om previnsje mei ’t kanon,
dat inkeld skeat as ien yn ûnmacht lei
of nachts de koers net fûn
mei bier of raceballon.

De sliepsek woe moarns net mear út
en kleefde oan it duo fêst,
dat by it fet fan giel en swart
lânsgong, no sûnder taal of tút,
de wike rûn nei ’t lêst:
te koart, tefolle bard.

Image

admin

Boat fan it jier 2011

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De skiednis sjocht ús oan:
de poarte fan al ieuwen âld
dy’t stie foar stêd en stedsfolk,
foar it skip de stiennen kroan,
dat rint op toeren nei de hûndert.

It izeren ûnthâld
lit los de fracht de jierren troch:
in tinte foar de heilstaak
fan it leger, mannichfâld
it halleluja, ’t klonk foar wûnder.

It willefolk is noch
it doel fan ’t farren troch de dei
om fan it wiet te priuwen,
boppe hat men útsjoch, doch
it halleluja stekt derûnder.

It rûne sjocht ús oan,
sprekt mear as ’t kante fan de toer
dy’t stielhurd stiet te showen:
sjoch nei ’t keunsttoaniel fan moarn,
dêr kin it stedsfolk fêst net sûnder.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum