Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Laitsje

Polityk
PDF Print E-mail
Wat sil in minske laitsje
om Saddam Hoessein syn bloed,
de inket om te skriuwen
de Koran mei heldemoed?

Sil dan ús laitsjen driuwe
op it bloed fan it geweld?
It streamt út Irakezen
mei Gods seine foar de held.

Mar lit ús folút laitsje
om de stimmen op it hert,
fiif sitten yn de Steaten,
foar ien minder gean wy net.

Image

Kin ’t lije om te gnyskjen
om Iran syn kearnprogram?
Om Bush yn alle steaten,
wylst it wapen lei al lam.

Mar lit ús folút laitsje
om it sweven fan de trein;
mei rails wer op ‘e ierde
is de dream foargoed ferflein.

Wat sil in minske laitsje
om de striid yn Uruzgan?
Om wat wy earst wol biede
soene, laket Taliban.

Mar lit ús folút laitsje
om ’t projekt ‘Provinsjehûs’;
de fal fan deputearren
kaam troch euro’s by de rûs.

Image

Us glimkjen soe lûd flokke
mei de swurden fan Dafur,
hoe’t bern en froulju stjerre
nei fernedering as hoer.

Mar lit ús folút laitsje
om de aaien fan de ljip,
dy’t helsk of hillich smeitsje,
hichtepunt of djippe dip.

Kin ’t lije om te glimkjen
om de baai Guantanamo?
Bush soe oer ‘justice’ weitsje,
mar justysje spriek rjocht: ‘Ho!’

Mar lit ús folút laitsje
om it Fryske boargerrjocht;
it kin gemeentes stjoere
op in hege fúzjefljocht.

Wat sil in minske laitsje
om ’t Birmaanske bloedbewâld,
dat mei syn klamme kloeren
makke Boeddha’s muontsen kâld?

Mar lit ús folút gnize
om dit dichtersynstitút.
Soe hy jim rjochting wize?
Wol, smyt him der dan mar út.

admin

Us boechbyld

Polityk
PDF Print E-mail
Foar Doutzen Kroes, it gesicht fan Fryslân

Doutzen, boechbyld fan it Fryske cruiseskip,
brûst de oseanen oer
mei ’t frisse aureoal fan seelucht
sylt sy op ‘e dacron toer
fan ’t wapperjend ‘Victoria ’s Secret’,
weagjend foar de lange doer.

Image

Doutzen, show de wrâld de Fryske sjarme
fan ús hiel gewoane jol
dy’t sylt fan Akkrum nei Terherne
mei in wynkrêft fiif foar fol
en as de boer dan ek noch jarret,
spylje dan dyn Fryske rol.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum