Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De finger fan John

Polityk
PDF Print E-mail
Image
Ut ‘e Ljouwerter Krante fan 14 maart 2008

Gjin Haachske finger hie noch nei him wiisd,
syn namme lei net op ‘e rêde lippen
fan partij en parlemint
yn polityk fertiisd,
hy koe net oan it heechste tippe.

Wol krige hy yn Gysbert Japicx’ stêd
it ûnderwiis fan masters wize finger
fan do wurdst in flinke fint
mei wurden wis en rêd,
sa fynsto provinsjaal dyn slinger.

Yn Brabâns BOM stiek hy it fjoer.
Wa wie mei plan en jild in better minger?
Nei’t er krigen hie de hint
– foar Nijpels is it oer –
stiek hy omheech syn wize finger.

No is foargoed de Fryske winter oer,
de wanten út, sjedêr de heechste springer
dy’t de soele simmer bringt
foar boarger en foar boer
en boppe ’t lânskip wiist syn finger.

Image

admin

Op stoom

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Snits de stêd mei stoom en faasje
oer it wetter en it spoar,
ûntspoarde mei de sinteraasje,
dêr wie de provinsje foar.

Stichting Stoomtrein Fryslân spoarde
stomend op in botsing ôf,
om’t Ljouwerts koalen minder scoarden,
wie de reek fan lilkens blau.

De provinsjemasiniste
sette doe it sein op read
omdat dy reek ’t miljeu ferpeste,
yn ’t ferkearde kielsgat skeat.

Oerlis yn de restauraasje
sette ’t spul wer op it spoar.
De fraach is oft de Fryske naasje
wol op stoom bliuwt mei elkoar.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum