Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ljeppe yn de Jangtsekiang

Polityk
PDF Print E-mail
Lit ús ljeppe oer de Fryske fearten,
Tsjonger en Prinses Margrietkanaal,
oer Houkesleat en ek de Snitser mar,
de hichte yn nei fiere swetten,
Hegebeintum op fergrutte skaal
en as ’t mislearret, swimme wy oer ’t far.

Jim Sinezen kin gjin mins omhinne,
want de ienmiljardsprong is wrâldfier
en Jangtsekiang streamt seistûzen lang.
Olympus’ goud is om te winnen,
jimme stribjen is net foar de sier
en slagget it, jim sitte earste rang.

Mar Sinezen dy’t net swijend blinke
kinne, springe by jim minder fier
en glide op ‘e flecht nei frijheid yn
de Jangtsekiang en ferdrinke
yn jim glimk fan gjin ferlutsen spier,
want wit, Olympus’ hichte makket blyn.

Image

admin

Fleksibel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se stiene mei de poaten yn de drek
en wiene swart-wyt oan de kop,
mar wol fleksibel yn it tinken,
easken net it measte op,
dochs kin men drek net drinke.

Der kaam noch by de slinke wie net djip,
de poaten rekken faak de grûn,
wat ynfleksibel wie yn ’t swimmen,
djipgong wie foar guozzen sûn,
ek mei it each op trimmen.

In baggeroanfraach wie dus net sa gek,
mar moles draaie minder rap
fanwege burokratysk tinken;
’t like earst in baggergrap,
mar ’t draaide op har winken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum