Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wilhelrita fan Oranje

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Us Wilhelrita fan Oranje,
grutsk op Nederlân, har steat,
dêr’t heech de blanke top fan dunen
sjongt har ta as nije leat
oan sterke stamme sûnder franje,
dy’t de Friezen wiisheid leart.

Wie har Wilhelmus fan Nassauwe
net it foarbyld yn de striid?
De Friezen moasten Hollân folgje
nei de ienheid mei de tiid,
sa koe de macht it drankje brouwe
fan de uny wiid en siid.

Us Wilhelrita fan Oranje,
de hellefeechster fan it lân,
woe ek de Fryske klaai oanfeie,
minge mei blank Hollânsk sân,
mar Friezen feie nei Hispanje
Wilhelrita’s steat en stân.

Image

admin

De finger fan John

Polityk
PDF Print E-mail
Image
Ut ‘e Ljouwerter Krante fan 14 maart 2008

Gjin Haachske finger hie noch nei him wiisd,
syn namme lei net op ‘e rêde lippen
fan partij en parlemint
yn polityk fertiisd,
hy koe net oan it heechste tippe.

Wol krige hy yn Gysbert Japicx’ stêd
it ûnderwiis fan masters wize finger
fan do wurdst in flinke fint
mei wurden wis en rêd,
sa fynsto provinsjaal dyn slinger.

Yn Brabâns BOM stiek hy it fjoer.
Wa wie mei plan en jild in better minger?
Nei’t er krigen hie de hint
– foar Nijpels is it oer –
stiek hy omheech syn wize finger.

No is foargoed de Fryske winter oer,
de wanten út, sjedêr de heechste springer
dy’t de soele simmer bringt
foar boarger en foar boer
en boppe ’t lânskip wiist syn finger.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum