Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trochbouwe

Polityk
PDF Print E-mail
of In memoriam

Fryslân bout fan âlde tiden ôf
mei stien op stien de hichte yn,
fan stinzen oant de Aldehou,
dy hichtebou is lang ferlyn.

Leger bout men oan de maatskippij,
want wurk oan minsken komt nea ôf,
soms spjalt wat wie earst splinternij,
it hieljen komt faak fan de frou.

Fryslân bout de nije tiid wol troch
nei hegerop, ferdjipping tsien,
it kapitale komt der doch,
de banken ha noch wat te lien.

Breder bout men oan it plattelân,
de romte freget kwaliteit
dy’t streekrjocht komt út it ferstân
en ’t fielen, wat de frou wol leit.

Fryslân bout oan it provinsjehûs
mei stim foar stim de hichte yn,
want machten bouwe yn de rûs
fan tiden, hjoed en lang ferlyn.

Lykwols lei de oare bou al stil,
briek sel foar sel it lichem ôf,
al hoe’t ek focht de sterke wil,
gjin hieljen holp mear dizze frou.

Fryslân bout yn dizze tiid noch troch
mei stim en stiennen dy’t sy hie,
dêrby har takomstfisy noch,
sa breed as ’t lânskip nei har rie.

Image

admin

Pirateliet

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Wol harkje nei ’t pirateliet
dat heas de hiele wrâld oer klinkt,
fan wâl oant wâl in Wallstreet lang
en seeën heech, hoe djip it giet,
heart elk dy’t mei dat skipsfolk sinkt.

In eilân is har dollersplak
foar rôve skatten en de rest,
se binne foar de wrâld net bang
en farre sjongend nei Irak
foar oalje mei de god dy’t blessed.

De flagge, swart fan stjurre bloed,
in deadskop foar it lege hûs,
twa bonken foar ’t kompleks kredyt,
dy flagge stiet foar bank yn noed,
mar wol in bonus by de rûs.

’t Pirateskip fart fierderop
en giet by ’t Frouwesân oerstjoer,
want Fryslâns rispinge is wyt,
mar Grutte Pier hat heech yn top
syn stive kop, want hy is poer!

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum