Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sa wier as

Polityk
PDF Print E-mail
Dy wierheid wie net te foarsjen
beswarden hearen dy’t it witte
om it boetekleed te mijen,
mar hoefolle geane net foargoed ferlern?

Image

Sa wier as ’t lân is wyt fan froast,
hoe soene hearen dermei sitte
dy’t har streekjespak wol krije,
want wa’t witte mei dat is allinnich Joast.

Sa wier as stobben bliuwe oer,
men kin der wol in eed op swarre,
’t sljochte folk moat it belije,
lûkt de sile yn de kile fan de boer.

Sa wier as wierheid wint it pleit,
it sil wer yn de maitiid barre,
kleden sille har fernije,
sels de krisis duorret net in ivichheid.

Image

admin

Fokprogramma’s

Polityk
PDF Print E-mail
Image
Jacques-Louis David

It is útein set mei Napoleon,
de hoanne fan de Frânske fok
dy’t mei syn pronkske fearren swaaide
en sjedêr al wer in hinnehok
dêr’t hy fiktoarje kraaide.

It Fryske hinnehok wie him te lyts
foar’t fokprogramma, swier potint,
de hichte koe him wol bekoare,
sa kaam it Iems-departemint
fan Grins yn ’t hege noarden.

Mar Fryske hinnen ha in lichte lêch
en doe’t er rekke ympotint,
ferfoeren sy wer nei har hokje,
binnen eigen grinzen samar wend
mei elke dei in brokje.

Oant wer in galahoanne kaam yn byld
dy’t oer de grinzen kraaie woe
fanwege megahinnehokken,
mar de Fryske hinnen woene doe
net langer mei him fokke.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum