Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Multykeunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is gjin keunst om mei wat trapen
del te heljen hurd beton en stiel,
in sterk gefoel wurdt dan it diel
fan wa’t by nacht komt op ‘e lapen.

Image

Hoe keunstich kinne stekken falle
lykas bloeide stiel út ierde op,
fergetten is de skreau en skop,
ekspresje sa’t ek keunstners wolle.

It is gjin keunst om op te bloeien
nei in simmer dweiltrochwiet,
de koekoek ropt syn wollich liet:
de multykeunst sil altyd boeie.

Image

admin

Foarby de stilte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch is de himel blau en sûnder ein
en lûkt it wetter nei de fierte,
mar dêrmei is net alles sein.

De willeboat op ’t droege tusken stiel
sil fan gjin mar of weagen witte,
in healjier stilte is syn diel.

Mei strutsen seilen leit it foar de wâl,
it skûtsje kin it oars net litte:
de mêst rikt heech, wol net op stâl.

De sleepboat is yn dizze tiid syn maat,
kin lang noch yn resessy sitte,
want slepend is it liedersaard.

It frachtskip hat it rom al wiken leech,
de romte kin it wol ferjitte,
it lossen sit de skipper heech.

Mar tusken ’t lege winterlibben yn
sil Fryslâns flagge hertslach hjitte,
want nei stilwaar stekt op de wyn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum