Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Resesje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De moarntiid docht it sûnder lûd,
mar ropt wol âlde bylden op
lykas de foto’s mei twa tinten:
in laden skip fan kop
oant kont yn sinnegloed.

It beaken stiet foar hjir begjint
de rûte nei it deistich brea
en sneins in bôle mei tsien krinten;
in bealgjen oant de dea
it fan it libben wint.

En no’t de sinne heger riist,
de himel liket sûnder wolk,
fertelt de float oer amper rinte
foar hjerst- en winterfolk,
wat op resesje wiist.

Image

admin

Multykeunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is gjin keunst om mei wat trapen
del te heljen hurd beton en stiel,
in sterk gefoel wurdt dan it diel
fan wa’t by nacht komt op ‘e lapen.

Image

Hoe keunstich kinne stekken falle
lykas bloeide stiel út ierde op,
fergetten is de skreau en skop,
ekspresje sa’t ek keunstners wolle.

It is gjin keunst om op te bloeien
nei in simmer dweiltrochwiet,
de koekoek ropt syn wollich liet:
de multykeunst sil altyd boeie.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum