Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dyktaal

Polityk
PDF Print E-mail
Dêr’t gjin dyk it lân omklammet,
is it simmers ljochtskyndei
as de sinne hieltyd flammet
en gjin see komt Fryslân nei,
mar as winterdeis de weagen
rôlje fierder as it strân,
winsket men it wie in leagen
dat de see spielt oer it lân.

Dêr’t de dyk it lân omklammet,
sprekt de Fries in kleare taal:
wa’t him foar de diken skammet,
giet de see mei oan de haal,
rôlje fier globale weagen,
slepe mei de eigen taal,
mar wa’t hâldt de dyk foar eagen,
docht de tiid troch syn ferhaal.

Image

admin

Ballade fan Frysk Amearika

Polityk
PDF Print E-mail
Wy binne grutsk op Stuyvesant,
in dûmnyssoan út Skerpenseel,
gjin passifistysk preker want
hy gie foar gûverneur en skeel.

Image
Vitaly Komar en Alex Melamid

Dochs hiene wy him leaver hân
yn ’t fel fan Hudson, Ingelsman
yn tsjinst fan ’t blanke Nederlân,
sa makke Hudson der wat fan.

Hy foer nei west, mar woe nei east
en seach in yndianestam,
it blanke wie mear yn syn geast,
gjin Readstêd mar Nij Amsterdam.

As Stuyvesant doe Hudson wie,
dan hie it west Nij Skerpenseel,
sa’n Fries is daliks út ‘e rie,
Nij Ljouwert jout yn Snits al skeel.

Dat Stuyvesant liet stowe ’t sân,
hy wie in hurde Fries fan aard,
mar rêde ’t net mei Ingelân,
Nij Amsterdam gie fan de kaart.

De Yorkers keazen foar New York,
de Ingelsman waard kolonist
en krige ’t letter oan de stôk
mei eigen folk dat better wist.

Sa seach Amearika it ljocht,
Feriene Steaten waarden ’t lân
fan frijheid en fan minskerjocht,
ús Fryslân hie ’t sa ieuwen hân.

De geast fan Stuyvesant stie op
en sweefde nei Amearika,
erkenning wie de Fryske rop,
as earste lân soe ’t dêr op ta.

De readhûd yn it reservaat,
de terrorist yn Kuba’s Bay,
de CIA noch sterk paraat,
frijút want rjocht troch bush en see.

Image

Dat Fryslân fiert it jubileumfeest
yn ’t teken fan Nij Skerpenseel
en mei in frije, rjochte geast,
want wy besjogge ’t sûnder skeel.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum