Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stoarmwaar by Dordrecht

Keunst
PDF Print E-mail
fan Albert Cuyp*

Image

It koe noch wol, de bui wie fier
noch fuort en Dordrecht riisde op;
de seilen foelen tiden slop,
de skipper spande ek gjin spier.

Ynienen kaam de wyn deryn
en wolken wâlen withoeheech,
wylst twirren foelen fûl omleech,
de wjerljocht flitste eagen blyn.

It koe noch net, ’t wie legerwâl
sa’t Dordrecht yn de lichte lei;
de hichte sykje wie de wei,
it spande, want it wiisde mâl.

Hy seach it mei it skilderseach
en joech de striid mei spanning wer,
liet boppe wetter allegear,
syn kleuren waarden net ta pleach.

* Albert Cuyp (1620-1691)
wenne syn hiele libben yn Dordrecht
en makke fan de stêd oan de Maas
in tal skilderijen.


admin

Spegeljende kij

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paulus Potter*

Image

Hoe soe in snotnoas fan goed tweintich jier
it minskdom mei in byld fertelle
dat in spegel heint wiswier
de wierheid yn modellen?

It hastich folk is altyd ûnderweis
en jaget op de eale dieren,
oeren duorret noch de reis,
de wei is nea de wiere.

’t Oerdwealske jongfolk slacht mei earm en skonk
de rêst fan eleminten stikken,
sûnder skamte yn de pronk
sil ’t oer de poel beskikke.

De ko biedt kalm de rêch en ’t jaar de minske oan
en harket hoe’t se roppend prate
oer de tiid sa soer bedoarn
troch haast en drokke maten.

Mar sjoch hoe’t dieren steane as model
foar folk dat fan gjin kalmte witte
wol, se jouwe har wol del,
de spegel kin it mjitte.

* Paulus Potter (1625-1654),
lânskips- en diereskilder,
wie 22 jier doe’t er
‘Spegeljende kij’ makke.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum