Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Prosesje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Sjedêr myn kleurich ideaal,
de Narod as it sljochte folk,
fan wa’t ik bin de kleare tolk;
al jierren socht ik dizze graal
dy’t fiert ús nei in nije tiid.

It boerefolk yn hurde striid
liedt hjoed gjin slavelibben mear,
it wurk foar hearen naam in kear
nei eigen grûn, foar ’t fielen wiid
en siid, op wjukken nei de kym.

Wat bosk wie, is noch mar in skym,
want inkeld stean de stobben noch,
it âlde leauwe is omdoch,
it nije is it liet op rym
fan Narods gean de paden lâns.

Sjedêr har klearebare kâns
om yn prosesje, weach nei weach,
as ien fan ear en ien fan each,
te foet te gean, de wrâld wol mâns,
lûd sjongend fan de nije tiid.

Image

* Ilja Repin (1844-1930),
de Rembrandt fan Ruslân,
seach yn it skilderjen fan
de Narod de hillige graal
dy’t folk en keunst nei
in bettere takomst
liede soe.

admin

Triomf fan Vespasianus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Giulio Romano*

Image

Wol sjen nei ’t keizerlike skouspul,
heit en soan heech op ‘e wein,
in ingel mei de kroanen,
want se ha de Joad ferslein.

Wol harkje nei triomfferhalen,
’t brânen fan Jeruzalem,
hoe’t stoaren timpeltoanen,
’t gûlen fan de bern om mem.

Wol sjen nei fjouwer bûnte hynders,
Rome docht foar minder net,
in tsjinner mei de kanne,
oarlochsbút nei keizers wet.

Wol hearre nei it lûd fan ieuwen,
Israel, dyn God is ien,
fersillest oer de lannen,
wit do bist troch Him ûntstien.

Wol witte hoe’t diaspora doe
rûn nei ’t konsintraasjekamp,
de klimaks fan it lijen,
’t joadske paad fan ramp op ramp.

Wol tinke oan de eigen dagen,
dat it komt op ’t selde del:
triomftocht fan it frije
Palestina… Israel.

Giulio Romano (sirka 1499-1546)
learde it fak fan Rafael.
Hy wie behalve skilder ek arsjitekt.
It skilderij ‘Triomf fan Vespasianus’
is basearre op ‘e oerwinning fan de
Romeinen op ‘e Joaden yn it jier 70.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum