Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mei mem

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It dykje tusken spoar en tsjerkhôf,
de rûte fan de iere sneintemoarn,
bewekke troch de stobbewylgen
op âlde skonken, mar noch lang net stoarn,
sy skôgje oer wat leit ferdylge
troch wrede dea, mar mei it libben byld
foar eagen fan har eigen nij begjin…

Image

… dat dykje, tusken lûd en stilte,
fernijt my alle sneinen fan de sin
om stil te stean, gefoel fan tilte
belibje tusken dea en libben yn,
sa stean ik as de stobbewylgen,
de rêch nei ’t spoar, te skôgjen oer it hôf,
oant ik har glânzjend swarte grêfstien fyn…

Image

… it glimkjend antlit kommend tusken ’t grien
fan âlde wylgen, libben byld fan stof
dat opstiet alle sneinen op ‘e nij,
har geast, de blêden rûzje op ‘e wyn,
tegearre sweve wy har stien foarby.

Image

admin

Spits

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wy reizgje nei it suden
om lân en see te sjen,
as pake fol ferwachting
fanwege Jesse, bern
fan acht en tûk op lûden
fan treinen tagelyk
fan Starum en fan Ljouwert
mei as bestimming Snits,
mar net foar ús, want fjouwer
stasjons besjogge ’t lân,
it fiifde leit oan ’t wetter
en mei myn sûn ferstân
sjoch ik nei bernsbern Jesse,
ferwachtsjend dat er ryk
fan alle bûtenlessen
weromkomt yn stêd Snits,
mar Jesse wit wol better:
hy lêst de lêste Spits.

Image

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum