Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Haarlems idylle

Keunst
PDF Print E-mail
fan Job Adriaensz. Berckheyde*

Image

It ferline as idylle
sprekt mei grêft en bôge oan
en ’t spul fan ljocht en skaad
siert op as pearels yn de kroan
fan Haarlem mei syn prinslik aard,
heechhertich yn it stille.

Kin de stedsjer him fertille
oan in amer fol mei stront,
in spul fan fuort dermei?
Gjin skamte foar in bleate kont
dy’t op ‘e troan syn sechje sei,
heech skatterjend fan wille.

Is de broek wer oer de billen,
dan giet Haarlem yn it skip
op stedsynspeksje nei
de rook fan drol en drip
en nei de reis stimt elk fol mei:
‘Us stêd bliuwt in idylle.’

* Job Adriaensz. Berckheyde (1630-1693)
wie al mei fjirtjin jier learling-skilder.
Mei in koarte ûnderbrekking as skilder
by de karfoarst fan Heidelberg wie Haarlem
syn wen- en wurkplak.

admin

Nôtfjild

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacob van Ruisdael*

Image

Wy binne wend oan analyze,
raffels fan wat wie in kleed
dat kleur joech oan de ierde
en skakearrings by de fleet,
wy binne no yn ’t spul fertize.

Hy lit it rûzje fan de hichte
nei de delte: ’t fjild mei nôt
sjongt kleuren fan de sinne
yn it koar dat wize hâldt
oant see en wyldlân yn de lichte.

Sa hat er ’t lânskip lyrysk dichte,
oade oan de ikkerboer
dy’t kleur joech oan de ierde,
lofliet ek op mem natoer,
net ta raffelseam ferplichte.

* Jacob van Ruisdael (1629-1682)
bylde as lânskipsskilder
op lyryske wize syn leafde
foar de natoer út. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum