Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brutsen macht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolaas Pieneman*

In opstân wie om del te slaan,
sa wie de kening fan betinken,
benammen doe’t er konkurrinsje kriich
fan Belgysk kening Leopold,
it wie mei sizzen net te dwaan.

Dus joech it leger daliks acht,
want kenings eare moast wol blinke
mei kroanprins Willem liedend yn de kriich;
de fjildtocht tsjin foarst Leopold
wie út op ’t brekken fan syn macht.

Image

By Bautersem rûn ’t justjes oars:
it hynder fan de prins waard rekke,
joech net mear acht en lei al gau foar dea;
it leger gunde ’t Leopold,
dy loek lykwols in lange noas.

It leger loek him rap werom
doe’t Frankryk fûn de macht moast brekke
fan kening Willem, net syn kop en lea.
Lang libje kening Leopold,
de opstân bringt him ivich rom!

* Nicolaas Pieneman (1809-1860)
Skilderij ‘De slach by Bautersem’ 

admin

Op jacht yn revolúsjetiid

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean-Baptiste van der Hulst*

It waard in tiid fan revolúsje,
dat gjin kening wie noch wis
fan troan en kroan;
it folk klom op ‘e barrikaden,
foar de Frânske foarst gie ’t mis,
gewearen waarden laden.

De Belgen wiene tsjin de fúzje,
dat it suden waard in steat
mei troan en kroan;
it wie in tiid fan revolúsje,
foar it keningshûs ferkeard,
mar ’t jongfolk hie yllúzjes.

De twa gewearen waarden laden,
net foar ’t kostber minskebloed
of troan en kroan;
de prinsen woene inkeld jeie,
tsjûgjend fan har heldemoed…
se seagen ’t eintsje saaien.

Image

* Jean-Baptiste van der Hulst (1790-1862)
Skilderij ‘Portret fan erfprins Willem
en prins Alexander, bern fan kening Willem II’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum