Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frede tusken lantsjes

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Konferinsje fan Londen*

Sân jier lyn wie ’t lêste skot ferstomme,
yn dy tiid woe Willem** net omlyk
fanwege Leopold*** syn ryk,
úteinlik soe ’t der wol fan komme.

Sân jier lang hold Nederlân it leger
yn beweging, mar der kaam krityk,
want jild wie net allyk it slyk,
de kosten waarden hieltyd heger.

Willem liet de Konferinsje witte
dat er him wol dellei by ’t ferdrach,
dus Leopold kriich it gesach
oer België, de ein fan ’t sjitten.

Lytse lantsjes op ‘e grutte ierde
tusken naasjes mei mear sizzenskip,
foar har wie it ferdrach de tip
yn frede it bestean te lieden.

Image

* Yllustraasje ‘Fredesferdrach fan 1839’

** Kening Willem I
*** Kening Leopold I

admin

Ofskieding

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Ien tsjerke yn it lân sintraal,
sa woe de foarst as protestant,
hy hie it foar it sizzen,
leafst it hiele folk as fêste klant,
mar ’t wie te unylateraal.

Der kaam protest op syn ferhaal:
it moat net sa, fan boppen-ôf,
wat hat de tiid te sizzen?
Neat, wy bliuwe oan de letter trou,
de Bibel sprekt yn kleare taal.

De Cock as foarman fan ’t protest
mocht net mear op ‘e preekstoel stean,
hy hie it net te sizzen,
selferbliuw wie syn fertsjinne lean,
sa woe de foarst mei dizze pest.

De tsjerke wie gjin finzenis,
dus koe de protestant wol gean,
dat moast de kening sizze.

Image

* Printbriefkaart Betheltsjerke
‘Ds. Hendrik de Cock’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum