Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kening Willem II

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Adam Kruseman*

Image

Noch jong en dan al ynternasjonaal:
fan Ingelân nei Dútslân
en fan Spanje nei it heitelân,
sa libbe hy mei sûn ferstân
op Europeeske skaal.

Gjin achttjin noch en dan al militêr,
yn Pruisen foar it drillen
en yn Spanje foar de echte striid,
ferwûne, dêrtroch wiid en siid
ferneamd, in legerstjer!

Wol held, mar mei Charlotte kriich er skeel,
de ein fan de ferkearing,
Russin Anna kaam doe op syn paad:
in frou, fiif bern, mar hy hie ’t aard
fan homoseksueel.

Wol prins, mar mei de Frânsen yn ’t komplot
om harren foarst te wurden,
wat bekend waard, dat syn heit wie poer,
de Frânske druven smakken soer,
mar kening bleau syn lot.

As kening makke hy in omslach mei
troch rûnom revolúsje
yn Europa, Willems grutte skaal,
ynienen wie hy liberaal,
mar ek ynienen wei.

Image

* Jan Adam Kruseman (1804-1862)
Skilderij ‘Willem II yn de gearkomsteseal fan de Earste Keamer’
Skilderij ‘Willem II yn de natuer’

admin

It earste fjoermeunster

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It trekskip en de dilisjâns,
fan watfoar wein is mear ferlet?
De minske moat by ’t âlde bliuwe,
wat nijerwetsk is wol er net,
it parlemint sil ’t ûnderskriuwe.

It útstel kaam fan it regear:
it spoar moast komme fan de steat,
dan soe de naasje skiednis skriuwe,
mar ’t parlemint fûn dat mar neat,
ús lân moast op it âlde driuwe.

Gjin steatsspoar, dan partikulier:
guon ûndernimmers brochten jild
yn ’t laad, der soe in spoarbaan komme
fan Amsterdam troch ’t iepen fjild
nei Haarlem, de krityk ferstomme.

Sjedêr, de trije byinoar:
de skûte, dilisjâns en trein;
it fjoer moat fan it meunster komme,
dat wint fan ’t skip en ek de wein,
mar elke reizger is ferklomme.

Image

* Yllustraasje ‘De earste treinreis yn Nederlân (1839)’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum