Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Suezkanaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Koe farao al dreame
oer wat graafwurk by de Nyl,
it wie der nea fan kommen,
gjin kanaal, sels net in myl,
lit dan de Nyl mar streame.

Milennia ferstrieken,
doe begûn in Ferdinand**,
Frânsk konsul yn Kaïro,
mei it hollegraafwurk, want
de tiid wie ryp, die bliken.

It graven mei de skeppe
wie mei blierren net besjoen,
it wurk wie ek leabrekkend;
wat as hollewurk begûn,
kaam klear nei jierren skreppen.

Wa lei dan noch te sliepen
doe’t it graafwurk rekke klear
en dreamen koene streame?
Nije farao’s de ear,
sy foeren ‘Suez’ iepen.

Image

* Yllustraasje ‘Iepening fan it Suezkanaal’ (1869)

** Ferdinand de Lesseps

admin

Pest en goalera

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Image

De boer hat hjoed gjin melkerij
en hoecht ek net mei dong te kroadzjen,
want foar dea, sa lizze dêr de kij,
hy hat de pest yn om dat soadsje.

De boppelaach komt om te sjen
nei wat him foardocht as spektakel,
mar de boer hat al syn fee ferlern,
besjocht de pest*** as in debâkle.

Fan dier nei minske, mar gjin pest,
de goalera**** slacht ta op ’t winken
fan de dea, de sike hat der west,
gjin weet fan smoarch grêftwetter drinke.

De boppelaach komt net te sjen,
hat op ‘e goede ôfrin dronken,
mar wa’t ûnder leit mei trettjin bern,
wurdt yn it grêf ta keale bonken.

Image

* Yllustraasje ‘Kowepest’

** Yllustraaje ‘Goalerapasjint

*** Kowepest yn Nederlân (1865)
**** Goalera-epidemy yn Nederlân (1866)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum