Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Loftshow

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De iere moarn wie foar de hichte:
’t rizen fan it lôgjend ljocht,
de loft fan rôze nei himelsblau;
tegearre ha se ’t leger socht,
de protter en syn iendeisfrou,
allinnich foar wat losse flechten.

Se wiene beide net bot hechte
oan it leauwe yn de toer
fan alle oeren ’t selde liet,
it hoannekraaien wie har oer
om ’t hy op alle winen glied,
altiten op deselde hichte.

Se wiene beide net fan ’t lichte
draaien, hiene langstme nei
in show mei swier geskut en lûd
en nei de lêste hoannedraai
begûn te sieden ’t protterbloed:
formaasje ‘Draaiwjuk’ as de echte.

Image

admin

Nije Wetterwei

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Wêr’t âlde wetterwegen streame,
hawwe skippen wolfeart brocht
oan ’t plak dat him ferkocht
as stêd om fan te dreamen.

Wêr’t folk in daam lei yn de Rotte,
kaam te lizzen Rotterdam,
earst woartels, doe de stam,
dy’t stadichoan útbotte.

As skippen net mear farre kinne
troch in wetterwei mei slyk,
dan nimme se de wyk
en falt der neat te winnen.

De woartel kin net djipper stekke,
fan de stam falt ôf de bast,
de bloei ferliest it hast,
de beam stiet dan op brekken.

Mar dan stekt Caland** troch de dunen
foar de Nije Wetterwei,
dy fiert de wolfeart mei,
de krisis is belune.

Image

* Yllustraasje ‘Earste skep foar de Nije Wetterwei’

** Yngenieur Pieter Caland, ûntwerper fan de Nije Wetterwei’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum