Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wêr is de profeet?

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It galmet troch de ieuwen hinne
fan ’t befel: ‘Ik sis, jou acht!’
De wurden om mear macht te winnen,
mar de dei ferkeart dan faak yn nacht.

Image
Domenico Fetti

Dan Mozes, hoeder fan de keppel,
dy’t it opnaam tsjin de macht
fan farao, dy’t mei de kneppel
swierder makke ’t wurk mei stiennefracht.

De wurden lôgen yn de flammen:
‘Ik ûnthjit: Ik bin derby,
gean hinne, hoeder, yn myn Namme,
meitsje ’t slavefolk fan wrotten frij!’

Image
Rembrandt

Dan Jezus mei syn keppel, tolve
earst en letter… wa hat teld?
Hy wie as hoeder tusken wolven,
as profeet hat Hy de wierheid meld.

En Fedde yn de Fryske krite
hat fol fjoer de kneppel keard
fan ûnrjocht, woe de wapens slite
fan dejinge dy’t de machtskearn leart.

Image

Mar hjoed de dei, wa sil it sizze?
Is der noch wol ien profeet?
As kneppels swypkje, swakken lizze
litte, sprekt allinnich de proleet.

admin

Feroaring fan ljocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Nei in nacht fan dizenige dreamen
brekt de moarntiid troch de mist
en lit it ljocht oerfloedich streame.

Image

Mei it romme moed rin ik troch greiden,
sûgje ljocht en wetter op,
sjoch oan de kym myn byld fan reiden,
no in swarte streek der boppe-op,
de hikkepeal komt amper heger,
’t plankje stribbet lykwols nei de top.

En sjoch, it ljocht, no noch wat leger,
op ‘e dize, mar dêr is ’t!

Nei in fjirtjin dagen giet myn rinnen
fierderop oer frjemder paad
en wer bin ik mei ’t byld allinne,
mar ’t is no fan folle tichter aard,
ik sjoch de beammen om my hinne,
kear de earen nei har heger praat.

En sjoch, it ljocht, dêr is de sinne,
oars as earder troch de mist.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum