Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Krisisberie

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Alles wiisde nei de hichte,
dynamyk wie it paroal,
de hannel sprong oer hiel de ierde,
wa’t net meigong, rekke yn ’t rioel,
de lange polsstôk wie ferplichte.

Krieën koene dat net snappe,
fûnen ’t spul mar apekoal,
want op ’t kritike punt wie ’t hingjen,
hie de springer oer syn sprong gjin doel,
sa’n krisis wie net te behappen.

‘No ha wy dochs wol de hichte,’
spriek de iene ’t wize wurd.
‘Straks donderet hy plat op ‘e ierde!’
rôp de oare rûch fan bek oant sturt
en saaide sels rap nei de lichte.

Image

admin

Wrâldskermen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wy ha de skermen setten
op ‘e grins fan ús bestean,
want fierder kin it net,
it giet om ús fertsjinne lean
noch neffens wrâldske wetten.

By ’t opgean fan de sinne
baait de ierde noch yn ’t read;
wy ha de spegel set,
mar sjogge fan de stoffen neat,
it ljocht giet der trochhinne.

En rint it nei de jûn ta,
dan begjint it breed berie
foar wer in wrâldske wet,
mar wurden smoare noch de die
oant skermen it bejûn ha.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum