Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ynje-troep

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Isaäc Israëls*

Image

Dêr rinne se mei fluit en tromme,
de muzikanten foar de troep,
hjoed sil de reis begjinne,
no noch binne se in groep,
hoefolle sille hjir wer komme?

It wie in training fan seis wiken
yn Harderwyk troch hoep en slyk
foar heitelân en Ynje,
no noch binne se gelyk,
mar letter telle se de liken.

Se krigen trijehûndert gûne,
it lean foar wurkers yn in jier,
bestimd foar de bordelen,
no noch is it wat te ier,
mar better no as earst ferwûne.

Sjoch him dêr stean mei tichte eagen,
hy wie in moedich KNIL-soldaat,
mar yn de striid ferwûne,
mist er no ek noch in maat
of trije, wie it mar gjin leagen.

Image

* Isaäc Israëls (1865-1934)
Skilderij ‘Transport fan de kolonialen’
Skilderij ‘Ferwûne KNIL-militêr’

admin

Roomsk bylderyk werom

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Gregoarius of Pius, ’t wie de paus
dy’t earder alles foar it sizzen hie,
oer hiel Europa lei de saus
fan Rome, smaaklik foar wa’t hollich wie.

Oer Hollân raasde yn dat jier de stoarm
fan slaan it roomske bylderyk yn grom,
’t Marijebyld is foar de foarm,
mar wa’t de Bibel sprekke lit, is from.

Doe spriek Napoleon in twingend wurd:
de steat en tsjerke skiede wurdt de wet,
it keizerlike ryk is grut,
dat elke tsjerke wurdt op ôfstân set.

Oer Nederlân striek ek in mylde wyn,
de grûn waard fruchtber foar in wide wet,
de roomske tsjerke kaam deryn,
de bylden waarden wer op pylders set.

Paus Pius geat de saus oer ’t streksum miel,
it lân kriich wer it biskopsryk werom,
de rike roomske libbenssiel,
mei al dy bylden wie de leek ek from.

Image

* Skilderij ‘Paus Pius IX’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum