Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Swartwite siel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat byt noch mear yn wûnen as it sâlt
dat wûn wurdt mei de slavehân
út see, ferdampend yn de panne,
swartwyt lijen lit gjin waarm hert kâld.

Image

De tiid ferdampte, sjoch hoe’t sûn ferstân
it sâlt it paad nei ’t skipsrom wiist,
sa wurde piramides lytser,
tekens fan it wrede slavelân.

Image

Dêr stiet er, soan dy’t út ‘e see opriist,
oan paad noch panne het er diel,
mar is folslein yn ’t sâlt bebiten
as er foar it frije fangen kiest.

Wat bliuwe mei: wat stiet dêr as gehiel
fan ’t slavelibben: bûge mei
in wurge rêch, dan ite, sliepe,
dreame oer swartwyt, syn eigen siel.

Image

admin

Wenstich patroan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De seewyn fiert hjoed skiere wolken mei
en sketst it wenstige patroan
fan ’t wrâldsje achter dún en dyk,
lykwols de grutte komt deroan
op dizze dei.

Image

De Alumfûgel strykt de kleuren yn
’t patroan en makket him al klear:
fan ’t wrâldsje út oer dún en dyk
nei fierder, fleanend as in spear
yn  sinneskyn.

Noch wurdt it sicht troch Alum breed beheind,
sa no en dan in glim, troch ’t rút,
fan wite wolken, gjin ûntwyk,
yn djip fertrouwen op derút
nei ’t hiele ein.

Image

De ein is tsjuster mei de stjerrekaart,
in skets yn ’t wenstige patroan
fan ’t eilânwrâldsje, gjin ûntwyk,
ek hjoed is hjir gelyk oan moarn:
noardeastpassaat.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum