Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rôltsje King

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se weage swier, de lúkse spegels,
want der wurdt net folle boud,
mar dochs, him wie as arsjitekt
de earste streken tabetroud,
kreaasjes neffens spegeljende regels.

As spegels brûkte hy de wearde
fan de hege maatskippij
dy’t yn de wolkeloften stekt,
sa fielde ’t kapitaal him frij,
gjin sosjalist dy’t doe de heechmoed kearde.

Mar hjoed, by ’t delgean fan de sinne,
spegelet heechmoed ’t rôltsje King,
de skerpe rook tsjin ’t yntellekt,
dat fynt it rûntsje mar in ding
fan neat, dochs ’t giet om de resesje hinne.

Image

admin

Krystskimmel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hie wat fan in oardiel:
fier fan ’t jier desimber gol,
want tsjuster wurde alve moannen,
dan is de mjitte barstend fol,
dus helje jimme foardiel.

Image

De hege kealte drige:
tûzen kear in swart berjocht,
dêrûnder stikelige toarnen;
desimber snakke nei it ljocht
en sjoch, de sinne stige.

De hillichman is kommen
mei ’t berjocht: it is goed mis
troch ’t brûken fan de leave berntsjes;
kollega’s liigden as wie ’t wis,
de skimmel stie ferstomme.

Image

Dochs wurde se noch berne
mei ferwachtings barstend fol,
de boade is deselde skimmel,
as ingel dravend foar de lol
as tsjinwicht foar ’t ferlerne.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum