Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Cruise nei it middelpunt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Kin de loft noch blauwer wêze,
wolken  witer as dy boppe see?
De palmen rûzje fan ferwachting:
as it barre sil op ’t selde stee,
is op ‘e kade net te lêzen.

Lit toeristen hjoed mar sizze
wêr’t it middelpunt is fan de wrald,
sy cruise lúks nei elke wynstreek,
’t leafst nei ’t westen, net te hjit of kâld,
sy kinne ’t sizze wylst se lizze.

Foar’t se komme yn it easten,
jouwe skiere wolken wite snie
en rûzje tûken fol ferwachting:
einlings winterwaar, dus ta de die,
want alve stêden ha it measte!

Image

admin

Fria Fresena

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoewol’t it wetter is noch frij fan iis,
leit stil de float derhinne,
stiif yn ’t plastic hout en stiel,
sa is gjin striid te winnen.

Se foeren eartiids troch foar ’t deistich miel
oant kjeld it wiet ferhurde,
skippers namen har ferlies,
mar ’t bloed wie net bestjurre.

It streamde hurd as fan in frije Fries
dy’t troch de tiden jage,
striid op redens wie har diel
mei lange skippersslaggen.

Dochs letter rekken Friezen fan de wiis
troch winters yn de dize,
Fria Fresena op stiel
is no de striid ferlieze.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum