Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Us broer

Keunst
PDF Print E-mail
Image

Do broerke mei dyn eachopslach,
trochkringend sjochst ús oan
as fregest wat dyn foarlân is;
wy witte it, dyn aureoal
blinkt as in keningskroan
mar net fan wrâldsk gesach,
dyn ierdske takomst is ûnwis.

Do broerke, skodzje ôf dat kleed
dêr’t al it bloed trochhinne skynt,
want hjoed is hjoed, noch lang net freed
en boartsje, want de sinne skynt.

Do grutte broer, dyn eachopslach
bliuwt hingjen yn de nacht
lykas dyn rutsen, wurge lea;
wy witte fan dyn aureoal,
in kening sûnder macht
mar mei moreel gesach
dat takomst hat, sels oer de dea.

Image
Rembrandt

admin

Helena’s fisioen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paolo Veronese*

Image

Se fûn it foel net ta
om mem te wêzen fan de keizer,
in krús dat swier lei op har hert,
want wapens mijden keizers net,
ek Rome hearske sa.

Se slomme efkes wei,
de holle ticht by ’t iepen finster
wylst ingels kamen by har thús,
de hannen om it lichte krús,
’t wie midden op ‘e dei.

Se woe it sa net ha
en fleach troch ’t finster mei de ingels
oer Rome, bergen, see en lân,
doe seach se yn it reade sân
in gat op Golgota.

Se naam it pealgat mei
dêr’t beide ingels ’t krús yn planten
dat bloeide as har ljochtskyn hert
nêst Konstantijn syn kristenwet
dêr’t Rome goed fan sei.

* Paolo Veronese (1528-1588)
woe earst byldhouwer wurde,
mar hie letter yn Fenetië
in skildersatelier.
Hy waard yn syn tiid beskôge
as ien fan de belangrykste skilders.   

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum