Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kuommunikaasje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se stekke der noch altyd boppe-út,
de tuorren om it boadskip oer te bringen,
de psalmen foar de preek,
it lofliet nei ’t gebed
om muoisum troch te kringen
mei ’t lieden fan de klok
berikt it boppe net
en ûnder hat de leek
yn godferlitten streken gjin ferlet.

Image

Se stekke slank en spits de hichte yn,
de mêsten om safolle ierdske netten
te foljen mei de fisk,
miljoenen tagelyk,
sa maklik neffens wetten
mei flits nei satellyt,
hiel blits yn ien kear ryk
en ûnder krijt de leek
godigitaal fan boppen de technyk.

Image

admin

Skiednislearaar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik kom der alle sneinen lâns,
it paad dêr’t eartiids jagers rûnen
foar’t trekskip dat de riezgers brocht
fan Snits nei Ljouwert, dêr’t se fûnen
bestimming foar har guod, ferkocht
sa dat se dêr mei glâns op wûnen:
it jaachpaad, skiednis yn balâns.Image

Dêr fart in pontsje oer de feart
fan jaachpaad nei it hôf mei wente,
dêr’t hy dy’t my doe skiednis joech,
as Adam libbenstwigen inte
oant ’t wrede needlot harren sloech,
dat út balâns brocht en gjin rinte,
syn frou glied út en foel ferkeard.

Image

Noch glydt dat pontsje oer de feart,
in libben lutsen troch de wiken,
bytiden licht, mar meastal swier,
in Adamshôf dat net mear liket
op ’t paradys mei Eva’s blier
belutsen aard, dat him ferrike…
syn skiednis hat ferlies oanleard.

Image

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum