Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iepen snein

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De dagen rinne nei de snein,
in hichtepunt, wêr ek op ierde
’t sinneljocht troch tsjokke wolken brekt;
de tiid is troch de fingers flein,
mar hjoed sil ús de wierheid liede.

Image

Want iepen stiet de tsjerkedoar
foar alle ynternasjonalen
dy’t de Bibel yn it Ingelsk ha,
de heechste toan foar sa’n gehoar,
de Hear ferstiet gjin oare talen.

Image

Fiif kilometer fierderop
is iepenheid oan alle kanten
foar wa’t surft op toppen fan de geast,
de hichte yn, dan oer de kop,
de Hear ferstiet syn wetterklanten.

Image

admin

Dizich read

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Readbrunich troch it sâlt
dat oan it izer fret,
mar ’t oanlisplak leit fêst
foar fûgels fan de wrâld.

Hjoed binne se der net:
it cruisefolk fynt de rêst
op see en ’t sinnedek,
want readbrún jildt as wet.

De miuwen binne ek
op ’t plak in fêste gast,
dat readbrún mingt mei wyt,
wat bylket net sa gek.

Mar wat alhiel net past
by ’t kleare skilderij:
de dize fan ús gea,
’t is Fryslân, dat wat wolst!

O gea fan nea ris rij
mei kleur fan stam oant krún,
mar sjoch de strânljip stean,
betink it read derby.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum