Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deade keunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
En ivich rôlet troch de tiid
de syklus fan in wif bestean:
as ’t bloeien west hat it fergean,
wat wâlet troch de wrâld sa wiid.

Image

It weaget oan fan fiere kym
wat riisde út ‘e woartels wei:
de stam dy’t al de krún foarsei,
wat oerbliuwt, is noch mar in skym.

It liet noch jierren op ’t koraal:
in keunstwurk foar it skerpe each,
mei ’t skomjen fan de oanfierweach
fertelt it tiidleas syn ferhaal.

Image

En tichterby leit noch in byld:
ultime keunst foar it fergean,
dêrfoar noch in folsleine beam,
wat wâlet troch en dûbeld fielt.

Image

admin

Ferwaaide stoom

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy stie al jierren ûnder stoom
en ried troch ’t gea fan mar en poel
al fluitsjend ’t liet fan nostalgy;
gjin Fries bleau by syn flammen koel,
hy dindere sels troch de droom.

De stoomfluit frege: ‘Stoomsto mei?’
’t Wie net bedoeld as passazjier,
mar bygelyks as kondukteur;
it kaartsje wie net foar de sier,
mar hold de tsjillen yn de draai.

Image

De fraach ferstomme troch de tiid,
dy’t rapper draaide as it tsjil
en dy’t ferdreau de stoom en droom;
it gea fan mar en poel foel stil,
nea klonk wer dat nostalgysk liet.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum