Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keunst op Bonaire

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De weagen skine der trochhinne,
knypeach nei de eigen keunst
as blêdstruktuer belein mei sâlt,
de see brocht ’t wurk as golle geunst,
mar ’t minskdom woe ’t net kenne.

Image

It folk lei leaver yn de hichte,
sinnebaaiend op it dek
mei as struktuer it cruise-bewâld
en útsicht op… wat wie it ek?
Foar ’t palmblêd nei de lichte.

It palmblêd is ek om te swaaien
as Hy op in ezel rydt
mei útsicht oer de hiele wrâld,
de keunst is giel, it sâlt is wyt,
’t moat op Bonaire meie.

Image

admin

Fûgelmetafoar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lit fûgels yn har dwaan fertelle
fan ’t bestean yn ’t hegere segmint,
dat fan it minskedier,
foar him is it in byld, in hint
om solo of oant sân te tellen.

Image

Dêr sit er solo op in tûke,
skerp syn snaffel en syn eachopslach,
oars komt men net sa fier,
de evolúsje makket wach,
dêrby kin hy gjin oaren brûke.

Image

Dan hy, de sjonger, ús kanarje,
sykjend yn de spegel om de oar,
ús spegel, want wiswier,
dy hâldt er foar ’t fiktive foar,
gjin wjuk of snaffel sil er sparje.

Image

Sy binne rotsfêst yn ’t fertrouwen
dat it oankomt op ‘e hiele ploech,
net inkeld foar de sier,
mar ek as selskip yn de kroech
mei kop- en wjukslach-kreaze frouwen.

Noch heger yn de evolúsje
fleane lorres op ‘e mjitte fan
‘in duo jout fertier’:
it hiele libben frou en man,
want yn elkoar ha sy fidúsje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum