Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klimaatferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De tropen fiere rykdom oan
fan beide: folk en altyd grien,
gjin stam hat sûnder waarmte stien,
in lúkse cruise is as in kroan.

Fan sa’n ‘Karibyske prinses’
giet waarmte út, sy strielet as
de sinne, ’t libbet derop los,
de groei hat gjin ferlet fan les.

’t Is oars mei dûmny Bogerman,
de teolooch mei ’t lange burd:
dy hold him oan it steile wurd,
in Snitser skoalle draacht syn fan.

Gjin waarmte strielet yn ’t klimaat
fan sûndefal, út is de dream,
mar Joazefs mantel om de beam
jout kleur oan syn swiermoedich aard.

Image

admin

Wat libjen is

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It kin wer los, dus lit de skroef mar draaie,
libje is itselde as ‘ik far’,
elk brûzet nei de Snitser mar,
‘ik syl’, dus lit it ek mar waaie.

Wat libbet yn de grêften moat him rêde
mei wat deade snilen foar in nêst,
‘ik libje’, gun dus my gjin rêst,
der tuskentroch wurd ik betrêde.

Dat rustfrijstielen trepke kin ik sûnder,
springe doch ik mei de wjuk en poat,
dan stean ik samar op ‘e boat,
foar ’t lizzen is dit plak in wûnder.

It kin wer los, dus lit de lisdriuw draaie,
libje is itselde as ‘ik bried’,
‘ik far’ is wer it âlde liet,
it nije libben komt út aaien.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum