Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sjerpcruise

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It kniep derom yn febrewaris:
wie it iis wol út ‘e Houkesleat
of moast de Wetterpoarte brekke,
slimmer noch, de finish op ‘e Bonkefeart.

’t Gie om de smaak yn swiete bekken
yn it lange, kâlde winterskoft,
de sjerp wie glêd en liet wol glide,
dûbeldik of tinne flinters yn in kloft.

Image

It waar sloech om, ’t waard sêft as side,
suver cruisetiid yn in krisisjier,
de Wetterpoarte koe doe brûze,
sjerp en poeiersûker kleefden yn it hier.

Wêr’t palmen yn de tropen rûze,
hawwe cruisetoeristen gjin ferlet
fan glêde sjerp of poeiersûker,
mar geane jûns yn gala foar ’t buffet.

Image

admin

Deade keunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
En ivich rôlet troch de tiid
de syklus fan in wif bestean:
as ’t bloeien west hat it fergean,
wat wâlet troch de wrâld sa wiid.

Image

It weaget oan fan fiere kym
wat riisde út ‘e woartels wei:
de stam dy’t al de krún foarsei,
wat oerbliuwt, is noch mar in skym.

It liet noch jierren op ’t koraal:
in keunstwurk foar it skerpe each,
mei ’t skomjen fan de oanfierweach
fertelt it tiidleas syn ferhaal.

Image

En tichterby leit noch in byld:
ultime keunst foar it fergean,
dêrfoar noch in folsleine beam,
wat wâlet troch en dûbeld fielt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum