Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Allochtoane funksjes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Net alle allochtoanen binne wolkom,
want se moatte wol in funksje ha,
in topdiploma is ek net ferkeard,
as ’t oan de blanken leit leafst twa,
’t is wat of neat.

Image

Bonaire hat syn allochtoane ezels,
dom as ’t achterein fan Fryske kij,
mar as it lêstdier koe it derop troch;
dy funksje is al lang foarby,
dochs ’t libbet noch.

Us heitelân hat allochtoane brunen,
grutte oksen tusken bûnte kij,
mar as ús meaners ha se doel en nut,
se binne nei de rûchte slij
fan kop oant sturt.

Image

admin

Trou oant oer de dea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat is yn ’t libben mear as trou
dy’t trochgiet oant de dea?
Mar sels dy ein docht trou gjin skea,
koart duorret soms de fûgelrou.

Image

Twa guozzen komme op my ta,
ienriedich yn har doel:
‘Gjin ynbreuk troch de minskeboel,
wy wolle ’t op ús wize ha.

Want blank en kleur, dy passe wol
by ’t libben fan in goes,
ferskillend as by jim yn hûs,
wy meitsje oant de dea ta fol.’

De wrâld oer klinkt itselde liet,
noch lûder: mear as trou
fan loara’s dy’t as man en frou
ferstjerre yn deselde tiid.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum