Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Heech wetter

Keunst
PDF Print E-mail
fan Isaak Iljitsj Levitan*

Image

As de Wolga stadich riist,
dan stimt it folk wat hoeden yn,
it sintsje skynt, mar kâld strykt noch de wyn,
it is de stream dy’t nei de maitiid wiist.

Sterker wurdt syn rûzjend lûd,
hy kolket by de kanten lâns,
it sintsje skynt, mar heger wurdt de floed,
de stream komt earst, dan krijt de maitiid kâns.

As de Wolga wâljend riist,
dan rint it wetter oer de wâl,
de bjirken reitsje yn de stream fertiisd,
want foar’t de maitiid komt, dan wiist it mâl.

’t Wolgafolk komt foar it ljocht
en sjocht de floed ôfwachtsjend oan,
it boatsje leit al klear as ’t wêze mocht,
’t is hjoed de stream, grif komt de maitiid moarn.

* Isaak Iljitsj Levitan (1860-1900)
wie in Russyske lânskipsskilder.
Hy keas tafallige, op it earste each
ûnbelangrike tema’s, dy’t er mei
kleur en ljocht in sterke lading joech.

admin

Tekenakademy

Keunst
PDF Print E-mail
fan Michael Sweerts*

Image

Dit is net mear it âlde fak
doe’t skilders eigen gildes hiene,
masters styl noch oansjen hie;
syn skilderij stie bleat teplak,
foar learlings each in wize rie,
it koe sa fan syn master liene.

Dit ambacht rekke út ‘e geunst,
in akademy waard de moade,
teory joech wize rie,
’t model ferwiisde nei de keunst
yn ’t neaken sa’t er prûstich stie,
’t wie neffens Romes waarme koade.

De jonges fan foarnaam alloai
besjogge it fan alle kanten,
komme muoisum ta de die,
want hoe beslûpe se de proai
en krije dy foar dea? Gjin rie,
want masters rêch sjocht nei syn klanten.

* Michael Sweerts wie de soan
fan in keapman út Brussel.
Fan 1646 oant 1654 wurke de skilder
yn Italië, dêr’t er yn de kunde kaam
mei de akademyske fisy
op ‘e skilderkeunst. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum