Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jûnsgebed

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-F. Millet*

Image

De sinne hie al ôfskie nommen,
himelheech kaam op it jûnspalet
foar ’t skilderij fan ’t eingebed
de wurden fan de sljochte frommen.

De dei troch hiene se al wrotten,
dold de jirpels út ‘e grauwe grûn,
oan ’t ierdske ’t hiele libben bûn
mei klompen oan de wurge fuotten.

It angelus fan fiere klokken
rôp dy beide op ta hannen gear:
‘Haw tank foar alle jirpels, Hear,
ferjou it as wy wolris flokke.’

* Jean-F. Millet (1814-1875)
makke skilderijen oer
it boerelibben mei
in etysk boadskip.

admin

Dwylsinnigens

Keunst
PDF Print E-mail
fan Artus Quellinus de Alde*

Image

Se stiet ferhege, libbensgrut,
yn sânstien, geastessiik beslipe,
har kronkellea ha inkeld nut
as skouspul fan dy gekke typen.

De sânstien is troch waar en wyn
bewurke, hûd en hier fersliten,
har geast wie sûn, mar lang ferlyn
begûn foar har de gekke rite.

In sucht, in skreau, ferskuord de klean,
it hier bliuwt oer om oan te lûken,
de gjalpen kin gjinien ferstean,
har swit lykwols is fier te rûken.

En iepen kreaket lûk nei lûk,
begjinne oaren ek te kriten,
de ien is spin, de oare spoek
oant elk is troch de tiid fersliten.

Image

* Artus Quellinus de Alde (1609-1668)
wie ek byldhouwer fan it Paleis op de Dam.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum