Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deadedûns

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It lei dy moarn net oan de sinne,
want dy joech de rails in blauwe glâns
en alles like yn balâns,
mar ’t soe dochs út ‘e klauwen rinne.

Twa dowen wjukken dat it klapte,
want se wiene snien út bombasthout,
it hie derfan as wie ’t fertroud
hoe’t beide oer de spoarberm stapten.

Al gau gie ’t oan, it fleach derhinne,
út ‘e skroeven, yn in wylde dûns,
doe joech de ien de oar de bûns,
’t rûn op ferliezen út of winnen.

Mar wie it leafde of krekt skieding
dy’t har dreau yn ’t ien of oare spoar?
Tekoart dwaan kaam dochs ek wol foar…
wa docht fan dowemoard noch tiding?

Image

admin

Oranjewyt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Oan alle kanten rint it út,
in sprint omdat it waarmer wurdt,
it grien sprekt fan de hoop,
de wite fluit bewiist syn nut
en hegerop is ’t einbeslút.

Oranje springt der boppe-út,
noch dizich, mar gau skerp en klear,
de hoop kopt yn de goal,
de wite hage glimt fan ear,
gjin deade tûke ta beslút.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum