Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op jacht nei fleis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is mar wêr’t in man foar kiest,
foar greide of foar wetter,
mei de hân of mei ’t gewear,
hy is der rap mei klear,
mar ’t bist ferliest.

Image

Hy stiet der oant de kont ta yn,
syn fak, hy wit net better
as de gravers moatte dea
fanwege polderskea
troch ’t wetterkrnyn.

Mar praat him net fan rottefleis,
dan is er leaver
yn de greide ûnderweis.

De jager stiet yn ’t hege gers
en wachtet oant wat letter
as de boer it lân út is:
in skot en ’t stomme bist
hat wis der west.

It praat giet dan oer kowefleis
en oer de jager,
dy’t mei gauwens wie op reis.

Image

admin

Yang Ming

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se sizze dat Europa sakket
yn de djippe krisisput
en sa de slach ferliest,
mar ha wy net in eigen wurd
dat nei de takomst wiist?

Image

Sjedêr, wat glide út ‘e fierte
stadich nei de Snitser mar?
It binne twa: Yang Ming,
dat Sina hat in rommer kar
as inkeld ’t Snitser King.

Sineeske ladings winne hichte,
skowe fan de mar nei Snits,
gjin kening hâldt se tsjin;
twa toppers jouwe noch in flits,
mar Mêsttoer hat gjin sin.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum