Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Los fan de man

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hjoed komt de wein foar ’t grienôffal,
it is har wurk, de bakreis nei de dyk,
dat gau noch efkes foar de frouljusdei,
de man rydt net, wol net omlyk,
dat eins moast hy no by de wei,
dan kaam syn bakreis nei de fal.

Image

’t Sil heve, mei elkoar op reis
as Eva’s fan ’t Legeaën-paradys,
in griene dei yn ’t jier los fan de man
foar Lutske, Beitske en foar Lys,
mar sûnder Lammert, Sjoerd en Jan,
mei passyfruchten ûnderweis.

’t Begjint mei ’t spuien fan de gal
oer manlju sûnder each foar wat de frou
sa allegearre foar de man wol docht,
lykwols de passy komt al gau
foar mannen dy’t Lys bûten sjocht,
perfoarst net by it grienôffal.

Image

De dei ferrint, it lân wurdt flak
by Adam yn ’t Legeaën-paradys
en by de dyk stiet noch de lege bak.

admin

Swartedyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Noch binne beide bermen grien,
mar amper is de Grienedyk te sjen,
de ieuwenâlde wachter,
dy’t by hege floeden dien
hat wat oars gie folslein ferlern.

Image

Mar as it Wetterskip net mear
fertrout yn tûzen jier fan sterk hâldtsjin,
dan rôlje giele meunsters,
spanne tsjin de âlde gear
en dogge wat gjin stoarmfloed kin.

Se frette mei har brede bek
fan slachbeton de beide bermen keal
en litte liken achter
op ‘e krún, it eachweid brekt,
de Swartedyk leit hjoed foar peal.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum