Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spegelbylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

’t Wie yn de moarntiid nei ’t geweld
fan tongerbuien yn de nacht,
ik hie de flitsen yn myn dreamen teld
as spegelbylden, ûnferwacht.

Ik rûn, noch fol fan tsjusternis
en bliksem, foar de rêst en trim,
mar ’t paad wie ûnegaal en ik ûnwis
oant by de mar, dêr seach ‘k  in glim.

It wetter seach my glimkjend oan
mei wolken, reid en sinneskyn,
sels waard ik spegel fan de stille moarn
en wachte op in suchtsje wyn.

Image

admin

Dissidint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa’t it oandoart, is in fint,
allinnich stean yn it bestean,
dwers tsjin de kliber yn te gean,
sjedêr de dissidint.

Image

Smoarhjit is ’t yn Aldegea,
dêr’t swarten falle fan it dak,
ek swarten nimme har gemak,
gjin libben yn de lea.

Allegearre mei de kop
nei foaren, keppel yn it swart,
gjinien dy’t mei it grien wat hat,
de enerzjy is op.

Oer de kop en rêch berint
it brún de greide stap foar stap,
gjin each en ear foar hiel dy hap,
sjoch hjir de dissidint.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum