Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Loftduet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Beide binne opriisd yn it easten,
yn fjoer en flam de ien,
de oar blau-wyt, de kâlde kant it neist,
se ha sawat har plicht wer dien,
de sinne joech fierwei it measte.

Image

Mei in fjurke hat blau-wyt it rêden,
kaam stadich fan de grûn
en sweefde op ‘e wyn, wylst ûnderweis
de eagen skoden oant de jûn
oer wenten, greiden, gers en blêden.

Beide ha de lâning yn it westen,
de iene wer mei fjoer
en sakjend by it dak del nei syn reis,
de oare kâldwei by de boer
yn ’t lân, gjin fjurke om te pesten.Image

admin

Bringers en fretters

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se steane wiid en siid bekend
as bringers fan nij libben
yn de grutte minskewrâld,
mar ’t dierespul lit harren kâld.

De earrebarren binne wend
oan muorre, doar en finster,
dy kin elke eibert sjen
by ’t bringen fan in minskebern.

Image

Mar ’t jonge sweltsje foel net op
dat tsjin it finster botste,
dêrnei dwyl op ’t keunstgers siet,
gjin eibert kaam doe ta de died.

En doe’t in haske mei de kop
en lange earen boppe
’t gers útkaam, gong har petear
oer ‘sille wy oer ’t hapke gear?’

Image

Sa steane sy ek wol bekend
as fretters fan nij libben
yn de lytse dierewrâld,
want ’t minskespultsje wurdt al âld.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum