Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stille macht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is syn wrâld fan gers en reid
en hjir en dêr strewellen,
dat gjinien dy’t him dit gea ûntseit,
dochs past er op syn tellen.

Der binne machten fan komsa
dy’t hiel wat te fertellen
ha, mar sterker noch, sy bite ta
om sa it lok te stellen.

Image

Hy sjocht en telt, it binne twa,
gjinien sil ’t hâlde kinne
tsjin de blaffers fan ‘wy komme sa
en gean oer grinzen hinne’.

Der bliuwt foar him mar ien ding oer:
troch ’t eigen gea mei faasje
flechtsje, dan ferskûlje yn syn foer,
gjin better kamûflaazje.Image

admin

Ferskil yn langte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat wer west, de silerij,
in hichtepunt en tagelyk
in lange rige yn it jier,
tradysjoneel, mar dochs ek nij,
foar wrotters har sportyf ûntwyk,
mar wol in skoft yn ’t spier.

Image

Se meitsje harren meters lang
as Lipton Ice Tea op ‘e dyk,
dy’t troch de droege kielen glydt,
ferbylding fan de earste rang
dat wike moat wa’t net omlyk
wol yn de silersstriid.

Sy farre troch, by ’t striidfjild lâns,
mei langte foar it deistich brea
en foarrang op ‘e silerij,
in rom fol fracht is harren kâns,
in lege dei jout inkeld skea
en Lipton rydt foarby.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum