Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lemster start

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1973

Image

Wat is in wedstriid sûnder griene start?

Gjin skûtsje kin dan winne,
dat de Lemster kotter hat
de skotten jierrenlang al jûn,
dêr brûzje se al hinne.

Mar Siete Meeter fûn it minder sûn,
dy hier fan wol twatûzen,
’t wie wat út ‘e blokken rûn,
syn eigen skip koe it wol dwaan,
hy hat it op ‘e helte rûze.

Dochs Sietse Hobma liet him net ferslaan,
syn Lemster bloed hat brûze,
’t startskot soe de kotter jaan,
wol mei de wyn rjocht op ‘e kop,
sa’n start wie gau twatûzen.

Image

admin

Ut ‘e trâns wei

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1972

Wylst de wyn de Heger mar beweage,
tugen krûpten klappend heech,
lei Hylke* mei in blein yn ’t leech
as kûsdoek op ‘e wang
en mei in flues foar eagen.

Image

Syn manier fan lege konsintraasje
brocht him yn de djippe trâns
fan skûtsjeskipper gryp dyn kâns,
mar slomje net te lang,
want winne dochst mei faasje.

Image

Noch betize nei ’t bewusteleaze
trainen sette er útein,
hy like by de start ferslein,
mar sûnder trâns of twang
hat Hylke heger keazen.

* Hylke de Vries finishte as fiifde

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum